Beppe’s enkête

“Dizze froulju wolle graach in enkête dwaan, soene jo dêr wol oan mei wurkje wolle?” Beppe kin ús heit wol en leit krekt út wat har bernsbern mei twa freondinnen wol en fansels wol myn heit – wêr’t ik efkes thús bin – hjiroan wol meidwaan. “En do wolst fêst…

Ferkeard ferbûn

Triii-iiing! It tiidstip fan dit telefoantsje docht my sa’n bytsje betinken wa’t der skilje kin en derom nim ik hiel entousiast op. “Mei Dick!” It bliuwt in skoftke stil oan’e oare kant. “Mei waaaa???!!!” Ik hear in âldere frou en neam in bytsje rêstiger myn namme. Opnij is it efkes…

Personielstekoart

“Hawwe jimme ek stoomcleaners?”, Yn de boumerk freegje ik dit oan de jongeman dy’t op dizze ôfdieling wurket. – “Uuh nee, die hebben we op het moment niet”, antwurdet hy, lykas de lêste krektlyn ferkocht is en der moarntemoarn wer in pallet fol yn de winkel stiet. Dan binne wy…

Fytsmakker

“En… kin ik myn fyts oan’e ein fan de moarn wer ophelje?” De klant hat krekt ferteld wat der sa’n bytsje oan syn fyts mankearret en de fytsmakker hat notysjes makke. “No, dat kin ik net mei wissichheid sizze”, is syn antwurd. “It is drok en wy binne op ‘t…

Kassawurk

De frou fan in jier as santich stiet mar wat súntsjes om har hinne te sjen as de kassa mei mar ien klant yn’e rige slút en sy oanslute moat yn in rige fan sân. “Dat is ek net klantfreonlik”, foeteret se tsjin gjinien yn it bysûnder. Sy is der…

Bier en bitterballen

Wylst de profs ús foarby fleane op De Kolk, steane wy efkes te sjen nei it plak wêr’t ik aardich wat jierren wenne ha. De balkontsjes lykje aardich minder yntinsyf brûkt te wurden dan yn de tiid dat wy der wennen mei de profronde. Fan lofts nei rjochts wie it…