Stoere mannen

Sels diel ik myn fakânsjebelibbings meastentiids troch Polarsteps en ik fyn it moai om dit fan oaren te folgjen. Freonen fan ús binne hjoeddeis yn in lân wêr’t stoere mannen fan de brêge springe sa gau as der hûndert mark ynsammele is, sa lês ik. Ik sjoch it al hielendal…

Gesellige katten

“Ah toe Dick… asjebleaft foar ien kear?!” No foarút dan mar, de doar sil dizze nacht iepen bliuwe sadat de katten boppe by ús komme kinne, it is ek sa gesellich… It is healwei ienen as ik wekker wurd en Tess op de souder wat ôf liket te brekken. No…

Willem wurdt net goed

Us hiele tún stiet op it stuit op’e kop omdat wy flink oan het ferbouwen binne. Foar de betimmering fan it nije skuorke helpt Willem ús en om healwei tsienen haw ik al in kear roppen foar de kofje, mar hy komt mar net. As ik hinne gean sjoch ik…

Middenwei

It wie de hiele dei tropysk waarm west doe’t it team fan Connexion byinoar kaam foar in oerlis oer de tarieding fan de tsjinsten en de ûntwikkelingen derom hinne. It wie noch benaud waarm yn de plak fan gearkomst De Bining. “Litte wy bûten fergaderje”, sa wurdt der foarsteld en…

High tea

In ‘high tea’, ik hie der wolris fan heart as aktiviteit foaral foar froulju wêr’t in hiel soad hapkes binne, mar dizze kear bin ik der ek by útnoege en kin sels belibje wat it is. En ja werklik, it is allegearre snobbersguod yn skattige skaaltsjes steapele op moaie tuorkes,…

Fakânsjehûs

Al wikenlang hiene wy der nei útsjoen, ús fakânsje yn Noarwegen. It plaatsje fan it grutte appartemint earne bûten in lyts doarp oan in fjord wêryn wy ferbliuwe soene hiene wy dan ek grutsk oan in hiel soad minsken sjen litten. Elkenien begrypte wol dat wy wol nocht hiene oan…

Eartiids

Tegearre mei Johan meitsje ik efkes in kuierke, om wat kreative en muzikale ynspiraasje op te dwaan. Wy keuvelje oer fan alles, eat wat by froulju ‘kletsen’ neamd wurdt. “Us heit gong altyd praten oer eartiids doe’t hy âlder wurde”, fertelt Johan en hy wit noch wol dat syn heit…

Fytserekje

Efkes in wykein mei de famylje nei de Veluwe, de fytsen moat mar mei. Dat kin tsjintwurdich hiel maklik mei de fytserekjes. Meastentiids leveret dit ek gjin problemen op mar hjoed sjogge wy al foar Hearrenfean de auto dy’t efter ús rydt alarmearjend knipperjen mei de ljochten. Efkes letter stean…

Warskôginkje

Bam! Myn fyts stiet stil, in jonkje der tsjinoan. Fannewike is yn it Fean de kuierfjouwerdaachse útein set en hjoed kuierje de groepen troch alle strjitten fan it doarp. Ien fan dizze groepen bin ik no tsjinkaam op it fytspaad, dat sy folslein yn gebrûk hawwe, fan lofts oant rjochts….

Faktaal

“No moatte wy mar efkes yn’e pannen tink…” De mannen dy’t ús túnskuorre delset hawwe, binne takaam oan de ôfwurking. Sy hawwe fan’e moarn earst sa’n fjouwerhûndert pannen nei de tún kroade, hawwe krekt in bakje kofje hân en lûke no harren wurkmoffen oan. “Ja, wy sille se der efkes…