Samar in feestje

as dan hast de hiele groep oanwêzich is, knal ik der yn mei in flinke boanus

Miljeufederaasje op’t dak

Tsjonge jonge, dat hawwe wy wer hear… Wy dogge sa ús uterste bêst om sa duorsum mooglik te libjen, hawwe wy fannewike ynienen de Friese Milieu Federatie (FMF) op ús dak. Wy wiene noch mar amper fan bêd woansdeitemoarn of dêr stie de wurdfierder fan dizze organisaasje al mei in…

Mieretytsjes

Yn it spultsjeprogramma Ik hou van Holland op’e telefyzje moasten de teams okkerdeis de betsjutting jaan fan it wurd ‘mieretietjes’. “Hele kleine tietjes”, sa antwurde ien fan de dielnimmers, wat fansels liede ta laitsjen. Dat moast fansels pikefel wêze. Doe’t ik in pear dagen letter by wintersk waar mei myn…

Fersprekke

“Ja, ik sit dêr hiel goed te plak, it befalt my allegearre prima.” In kennis fan heit hie pas krektlyn heart dat hy ferhuze wie en sy makken efkes in praatsje. Sy troffen inoar yn de brasserie yn it doarp, wy sieten dêr mei syn allen foar in itentsje. Foardat…

Drieske

In moer fan de maat M10 moast ik hawwe, mei fansels in skroeftried yn deselde maat. De skroeftried hie’k samar, om de moer moast ik wat langer siikje. Uteinlik fûn ik se, mar werklik wier, alle moeren sieten stik foar stik ferpakt yn in plestik pûdsje… mei streepkeskoade. Skodholjend moast…

Prutse

Trije kofjesetapparaten hie der op’e rige op’e grûn stean. Ien dêrfan die it net mear. Nei safolle jier sizze hja dan: keapje in nij apparaat. Mar ús heit net fansels! “Efkes prutse”, sa lei hy út en in pear dagen letter stie it apparaat wer op it oanrjocht te wurkjen….