Sjoelblokje

De sjoelbak wie omfallen tidens it skjinmeitsjen en hie dêrby aardich skea oprûn. Dizze bak stie dan ek net op in hiele handige lokaasje – op’e sliepkeamer efter de doar – mar dat is wol in plakje wêr’t hy net ien yn it paad stiet. De blokjes leinen troch de…

#40 Gelûdsje

Der koe wol in telefoan oergean, sa tocht ik earst, mar it stees mar werheljende rideltsje bleaun mar trochgean en trochgean. Dan sil it wol in kompjûterspultsje wêze of sa, begûn ik te tinken tidens myn wurksumheden yn de tún. Ik koe net rjocht trasearje wêr’t it wei kaam, want…

Aaikes

Oeps, ik bin boppe yn’e badkeamer dwaande as ik my betink dat ik niiskrekt aaikes op it fjoer set haw. Sûnder derby nij te tinken bin ik dêrby wei run en no haw ik gjin flau benul hoefolle minuten as dat lyn is. Rap gien ik wer nei ûnderen en…

Dream

“Ik haw oer dy dreamd”, flústeret in blonde jongedame my yn it ear as sy my tsjinkomt yn in winkel yn Surhústerfean. De ynhâld fan de dream wurdt my net ferteld, mar it sjocht der foar my net al te bêst út: ik bin dea! “Dêrom bin ik ek bliid…

#37 Ofsletten

In rûn wyt ferkearsboerd mei in grutte reade râne, wy witte allegear wol wat dat betsjut. It is ferbeane om dizze wei yn te riden en dat wurdt al hielendal dúdlik makke as der in giel boerd yn hielendal net yngewikkelde Nederlânske taal oanjout dat it ferkear oer hûndert meter…

Blomke

“Hast wat goed te meitsjen?”, ropt in stim fanôf de oare kant fan’e wei as ik by de blommist nei bûten kom mei in boskje blommen op’e earm. “Nee hjer, ik doch dat gewoan omdat it út en troch sa moai is”, antwurdzje ik en de ferkeaper besjocht it noch…

Laminaatsnijer

“Is in laminaatsnijer net wat foar dy?” Dizze suggestje wurdt my dien omdat ik al in tiidsje dwaande bin mei it lizzen fan sa’n flier op’e souder. Ik doch dat op myn eigen amateuristyske manier en moat foar elke planke nei de garaazje om dizze op maat te meitsjen mei…

Mystearje

It lûdsje bliuwt mar oanhâlden, ik wurd stees nijsgjirriger en wol witte wat it is!

Bubbels

Efkes in tsjerkeradio ynstallearje by in bewenner fan ’t Suyderhuys, noch net sa lang lyn wie dit yn in pear tellen klear. Dan fertelde ik by de resepsje wêr’t ik hinne woe, dêr krige ik it keamernûmer en koe ik myn gong gean. Meastentiids krige ik by de bewenner dan…

Bytanke

Trochdat ik myn fotokamera net mear regelmjittich brûk, stiet it apparaat wol wikenlang yn’e kast. Doe’t ik fannemiddei efkes in foto sjitte soe foar in opdrachtsje, sloech de skrik my om it heart: it lampke fan de batterij stie te knipperjen en dat betsjut meastentiids dat der net safolle tiid…