Skelkje

“Werom hasto in skelk foar?” In âldere man besjocht my fan boppe nei ûnder neidat hy de spullen besjoen hat dy’t foar my lizze op’e tafel. Wy steane op in duorsumensgearkomst en dêr lis ik út hoe’t wy – troch molke fan it boerehiem te heljen en net út’e supermerk…

Nijsgjirrich

“En… wurdt der wolris misbrûk fan makke?!” De ferkeaper bôget him nijsgjirrich oer de toanbank en sjocht my mei ûndogense eagen oan, sa fan: fertel it my mar ris efkes. De man doelt op de dielkast dy’t wy alwer in tiidsje op’e oprit stean hawwe mei it motto: ‘wat de ien…

Frysk skriuwe

“Dat wie ek wol wat foar dy west Dick, Frysk skriuwe en – appe.” Yn de hal fan it sealesintrum wêr’t ik krekt myn gearkomste ôfslút, kom ik in stik as tsien kursisten tsjin dy’t in workshop Frysk skriuwe folgje. Se hawwe efkes skoft en dat betsjut: tiid foar in…

Komplemint

Yn de sauna haw ik noch mar krekt myn badjas ôf dien om in kabine yn te stappen as ik in âlde frou yn in badjas tsjinkom, sy rint mei in kuierstôk. “Meneer, mag ik u een compliment geven?”, freget se my neidat se my hielendal besjoen hat. Ik stean…

Bûsboekje

“Foar it earst hie ik dit jier gjin bûsboekje kocht”, sa lei ik de mefrou efter de toanbank by de Afûk út. “Mar ik mis ’m no dochs.” Al in oantal kearen earder dit jier soe ik der nei omsjen, mar hjoed soe it dan dochs wêze. Op de ynternetside…

Kuier

“Ah, de New Balance 886,” sa werkent de ferkeaper fuortendaliks de kuierskuon dy’t ik oan ha en oan ferfanging ta binne. “In klassiker.” Myn betinksel om de âlden yn te leverjen en mei krekt deselde wer fuort te gean, wurdt hjirmei fuort fan tafel fage. Myn skuon binne minstens tsien…

Taryfke

“Ik kin it amper sjen mei dy lytse letterkes en dy grutte lampe dy’t yn myn gesicht skynt.” In âlder froutsje stiet foar ús yn in lange rige foar it parkearautomaat by De Lawei. Sûnt koart moat der betelle wurde om de auto op it terrein te setten en oan…

Trochride

Doe’t ik fanmiddei de doar útstapte om nei Ljouwert te riden foar de skriuwkursus tocht ik wol aardich op’e tiid te wêzen, mar op it klokje yn it desboerd sjoch ik dat it al rom oer ien oere is. Neat oan’e hân, want dan kom ik meastentiids ek noch wol…

Dikke poes

“Wolsto de matte fuortoan wer rjocht lizze asto deryn of derút giest?!” Yn de fraach liket hast wat ferwitends te klinken, mar somtiden kinne jo diskusje better net oan gean. Ik bin der lykwols wis fan dat ik dizze matte net skeef lis. De tiid dy’t dernei komt, tink ik…

Tropysk yn’e hûs

Hjir doocht wat net, is it earste dat der troch myn holle giet nei it wekker wurden. Ik hear in lûd dat ik net hearre moat. As ik ûnder yn’e keuken bin foar myn moarnsiten, wurde myn tinzen befêstige: de temperatuer is hjir hast tritich graden, de kachel hat de…