Bus

Bûten waait it tige hurd, de foarútsichten binne foaral reinich; hjoed gjin ik yn’e bus. De fertrektiid haw ik goed yn’e holle mar by it ynpakken fan myn tas fernim ik dat ik opsjitte moat. Dan mar op’e fyts nei in halte efkes fierderop, dit jout my in pear minútsjes romte en ik hoech minder fier te kuierjen.

As ik myn fyts delset haw en de lêste hûndert meters noch efkes rinne moat, sjoch ik de bus foarby riden. Ik rin noch nei de halte om de tiid te kontrolearjen, 9:43 is de plande tiid en it is no krekt 9:41.

Dan betink ik my dat it foarjiersfakânsje is, de bus mooglik minder faaks hoecht te stopjen en dêrtroch krekt wat earder is yn stee fan meastentiids in pear minútsjes te let. De marzje dy’t ik naam haw is hjoed krekt wat te krap, ik haw spitichgenôch de bus mist.