Boadskipke (21)

“Sjoch op it plaatsje”, sa lies ik op it boadskipbriefke dat ik by my hie yn de winkel. Blykber wie it in hiel spesjaal produkt en omdat ik mear as ien kear mei in ferkeard boadskip thús kaam bin, krige ik no in foto mei. Al gau hie ik it produkt fûn krektlyk as op it plaatsje en ik wie al hiel bliid dat ik net sa lang hoegde te sykjen.

Wer thús krige ik dochs de wyn aardich fan foaren. “Hoe krigest it wer klear?! Ik jou dy in foto mei en noch nimst in ferkearde boadskip mei!” It útknipte plaatsje wie dûbel teart en ik hie krekt nei de ferkearde kant fan it briefke sjoen.

Tsja, dêr kin ik dan fansels ik neat oan dwaan. Tafallich is it briefke ferkeard om út’e bûse kaam en haw ik der net oan tocht om efkes de oare kant te besjen.