Wachtkeamer

“Ja, sy witte hjir wol hoe’t se oan sinten komme moatte…” In âldere frou raast hast troch de wachtkeamer nei har man dy’t wierskynlik krekt wat mear flústerjend ea tsjin har sein hat dat it wol lang duorret. “Sy kinne hjir net planne!!”, sa giet se troch.

As ik efkes wachtsje moat yn in wachtkeamer fermeitsje ik my altyd wer troch it observearjen fan en lústerjen nei wat de minsken allegearre dogge. Sy sitte al in kertier te wachtsjen, sa begryp ik en om hiel earlik te wêzen fyn ik dat net iens lang.

Ungeduldich begjint sy dan wat te rinnen, makket in praatsje by de resepsje en giet efkes te pisjen. “Sjoch, dy dokter hat my holpen oan staar”, wiist sy dêrnei op it wikseljende skerm. Har man mompelet wat werom. Dan is mefrou Visser oan’e beurt. Myn beurt is fuortdaliks nei har, eksakt op’e ynplande tiid. Kreas pland!