Mannenpraat

Wy wienen efkes yn’e stêd foar in boadskip en ik stie in momintsje bûten te wachtsjen foar in winkel dêr’t ik net it measte te sykjen hie. Op strjitte sjochst mei dit moaie waar en in soad drokte yn in sintrum fan alles foarby kommen. Dat seagen de fiif mannen op’e steiger by de saak dêr’t ik it sicht op hie ek wol; sy hienen efkes skoft en iten in iisko.

Oan de draai fan harren gesichten koe ik krekt sjen wêr’t se each foar hienen en dat wienen eins allinnich froulju mei koarte rokjes of dekolletees. Dan seach ik de mannen wat foaroer boegjen en draaiden de hollen wer mei en fansels hienen de froulju hjir hielendal neat fan yn’ e smizen. Neffens my ûnderwurpen de mannen dizze froulju ek stik foar stik oan in keuring of sa, want nei elke foarbygongster stieken sy harren noazen efkes by mekoar.