Kode read

It is koade read, sa hear ik op’e radio as ik fan’ e moarn betiid opstean foar myn kuierke. Der wurdt advisearre om der net út te gean as it net nedich is en ik hear fan snelwegen dy’t ôfsluten binne, de ûngemakken dy’t bart binne en de tiid dy’t…

Gesoademiter op’e media

Dêr skrok ik fan’e wike dochs wol in bytsje doe’t ik in bêste boete yn myn mailbox fûn. Ik hie in foto op myn webside brûkt dy’t net fan my wie, de orizjinele foto en ôfbylding fan myn artikel stiene derby. Dat kin wol kloppe, mar ik helje foto’s altyd…

Wykeintsje fuort

“Wannear geane wy in wykeintsje fuort?” Wy binne mei seis pearen in jûntsje byinoar kaam om in wykein kampearren te plannen en sitte al in oere te praten oer koetsjes en kealtsjes as der ien it tiid fynt foar it ûnderwerp en de aginda der by pakt. Efkes is it…

Snietekken

Fan’e moarn om sân oare wie ik net de earste dy’t troch de strjitte gong. De spoaren yn de prachtige snietekken litte sjen dat der al twa auto’s oerhinne riden binne. Yn’e Alde Jirden is allinnich in kuierder mei in hûn my foar west. Op it havenpaad tink ik wol…

Rummikub

“Hasto goed slept?” Mei dit soad fan fragen wurd ik meastentiids moarns wekker. Fan’e moarn gie it krekt wat oars doe’t ik út bêd stapte. “Ik dreamde dat ik mei dy oan it Rummikub’en wie.” Hoe’t de foarke krekt yn’e stiel sit, wurd net krekt dúdlik mar it is wol…

Unhandich

Fanmoarn liet ik it bakje mei kattebrokken yn de bykeuken donderje en leit de hiele flier besaaid mei dit guod. Nei in pear hurde wurden beslút ik om foaral rêstich te bliuwen, de kat stiet derby te wachtsjen en derom folje ik earst it bakje wer. Mar dan bin ik…

Hitster

It is Kryst, de famylje komt tradysjegetrou byinoar. Kofje mei gebak, in buorrel… Dan stelt der ien foar om in spultsje te gean dwaan: Hitster. Yn teams nei popferskes lústerje en dêr it jiertal fan sizze en punten skoare mei it kinnen fan titel en artyst. Tegearre mei skoanheit foarmje…

Sokken

“Hasto dat ek wolris?!” Heit rint dúdlik sykjend en in bytsje ferbjustere troch de keamer. “Datsto ien fan dyn beide sokken kwyt bist?” Hy is al in hiele tiid dwaande om troch it hiele hûs te sykjen en hat de meast logyske plakken al mear as ien en twa kear…

Gesellige jûn

“Kom jong, efkes oer froeger prate…” Ik rin mei in gleske bier yn’e hân wat op in feestje rûn. Hy kloppet útnoadigjend op de lege kruk dy’t neist ’m stiet. Ik gean sitten, wy bestelle noch wat te drinken en it duorret net lang of der komt noch ien by…

Serieus

“Moatst efkes de slachrjemme fan dyn kin ôfhelje”, seit sy midden yn har petear mei Peter, dy’t krekt wat te begearich mei syn stikje apeltaart dwaande west is. “Sa kin ik dy net serieus nimme.” Peter faget kuerich syn kin ôf. Johan sit neist Peter en betinkt him net en…