Boadskipke (21)
“Sjoch op it plaatsje”, sa lies ik op it boadskipbriefke dat ik by my hie yn de winkel. Blykber wie it in hiel spesjaal produkt en omdat ik mear as ien kear mei in ferkeard boadskip thús kaam bin, krige ik no in foto mei. Al gau hie ik it…
Briltsje (20)
“Ik kin it wier net mear sjen!” Myn broer is efkes by ús en mei syn earmtakke sa fier as mooglik fan him ôf probearret ‘r in berjochtsje op’e tillefoan te lêzen. Teun is ek hast fyftich en dan begjinne dat soad dingen wolris wat minder te wurden. “Kinsto dat…
Blêdblazer (19)
Hjir wennet ien dy’t in blêdblazer hat, sa is myn konklúzje wannear ’t ik derlâns kuierje. Yn de hiele strjitte lizze gjin blêden op’e dyk mar hjir wol, wylst de tún sûkerskjin is. Sûnder folle ferstân fan de natuer te hawwen is te sjen dat de blêden simpelwei fan de…
Kodebestelling
It famke fan’e betsjinning kaam by ús en sy hie wol sa’n kompjûterke by har om de bestelling op te nimmen, mar sy die oars net as útlizze hoe’t wy dat sels dwaan koenen mei ús tillefoan. Troch it scannen fan in QR-kode kinne wy de kaart besjen en opjaan…
Mannenpraat
Wy wienen efkes yn’e stêd foar in boadskip en ik stie in momintsje bûten te wachtsjen foar in winkel dêr’t ik net it measte te sykjen hie. Op strjitte sjochst mei dit moaie waar en in soad drokte yn in sintrum fan alles foarby kommen. Dat seagen de fiif mannen…
Seksy
Hiel earlik moat ik bekenne dat ik – neffens my lykas wol mear mannen – net de oare kant út sjoch as ik yn dit simmerske waar by froulju foarsichtich in lyts bytsje kant fan harren ûnderguod sjoch ferskinen; ik mei dêr wol oer, ik fyn dat sels wol seksy….
#15 Konsintraasje
Ik seach him al fanút de fierte oankommen, hy fytste mei syn smartphone yn’e hân. Alle kearen wer sa’n trije tellen it each op de tillefoan en dan hie der de fjirde tel efkes tiid om te sjen as hy noch wol yn it rjochte spoar siet. Yn rap tempo…
#14 Mantsje
Ik stie út it raam te sjen en seach in auto stopjen. It duorre in skoftsje en doe kaam der stadichoan in âld mantsje út, hy strompele hiel krebintich nei de doar fan de winkel; oan de iene hân de stok dêr’t hy op steunt, yn de oare hân in…
#13 Reaksje
In man komt op strjitte by my. “Ik haw heart dat dyn mem siik is, hoe is’t mei har?” Sûnder it antwurd ȏf te wachtsjen wol der noch wat witte: “soe se wier net wer better kinne? Hja heare ommers wolris fan ‘second opinion’, dan geane se nei Amsterdam…” By ús mem is…
#12 Fiskje
It wie hast iterstiid en ik hie wol nocht oan in hearinkje. By de fiskwinkel seach ik krekt in klant nei binnen ta gean en doe’t ik de doar iepene om binnen te stappen, seach ik wol dat ik de fjirde klant wie, wylst der tsjinwurdich mar trije yn meie….