Rollebolje

Yn de sauna springe wy somtiden samar yn in iiskâld badsje nei in waarme sit yn in kabine. Dat jout in soad fan kik en neffens my is it ek wol sûn. As wy by de Noardsee komme – as it no simmer is as midden yn’e winter – wol ik altyd in dûk nimme yn de woeste weage.

Dy kik dy’t ek wol sûn is woe ik ek dizze moarne efkes belibje. It gersfjild by ús yn’e tún leit al in pear dagen hielendal ûnder in moaie laach snie en it like my hjoed wol in útdaging om dêr ris in lekkere dûk yn te nimmen.

En dus die ik fuortdaliks nei it moarnsiten de badjas út en gong ik neaken lizzen boppe op dizze snietekken. Efkes rollebolje en doe hie ik de kik wol field. Yn ien rit troch nei de waarme dûs en myn dei kin net mear stik.