Wer thús

‘Ik bin wer thús! Tige tank foar alle waarme oandacht en kaartsjes dy’t ik krige haw. Rom fjouwer wike lyn bin ik ‘yn reparaasje’ kaam nei in oantal jierren fan stil stean en oankwakkeljen. Hiel blied bin ik dan ek dat ik der no wer hielendal tsjinoan kin, de simmer…

Unhandich famke

Us taffeltsje hat sy kuerich skjin makke en ús konsumpsjes mei wat lekkers der by by ús ôflevere. Mei syn fjouweren sitte wy yn in kafeeke efkes gesellich. Ik haw al wol sjoen dat it jonge famke dy’t ús betsjinnet net it handichst is en hiel ûnwis oerkomt. In pear…

Ynsicht

“Kin dit ek fuort?” Wy binne op ús houliksdei tegearre yn de keuken in diner foar ús beiden oan it meitsjen en tusken de bedriuwen fan sipel – en fleis snijen romje ik wolris wat op. “Nee bliksem!”, sa krij ik fuortdaliks te hearren. “Dat is ús dressing!” Tsja, ik…

Ringstekke

“Wêr binne dy rinkjes foar?” Wie steane efter de hekken te sjen nei it ringstekken op De Kolk en dizze jongeman stiet mei syn dochter njonken ús. Wy sjogge him ris oan en freegje ús ôf as hy serieus is. “Dat is no krekt it spultsje”, sa probearret Nynke foarsichtich….

Trochpakke

It jout my dochs in hiel foldien gefoel hear, dat ôffinkjen fan allegearre lytse putsjes dy’t al hiel lang op in listje steane en dêr op ien of oare manier ek mar net fanôf komme. It echte listje is al lang kwytrekke en spûket allinnich mar út en troch by…

Komplimintsje

“Wat hasto in moai huodsje!” De âldere man dy’t my dit komplemint jout sit op it bankje foar syn wenning op Toutenburg ûntspannen de sinnige Zomerfair te oersjen. Hy hat sels ek in huodsje op. Ik gean neist him sitten en meitsje in praatsje. Hy fertelt my werom as hy…

Priuwerij

Heit wie syn kast oan it opromjen west en dêrby hie der nochal wat drankflessen fûn, mei ferskillende jiertallen. “Wat moat ik hjir mei?”, sa frege hy him ôf. Fuortgoaie fûne wy beide net in goed ding. “Wy sykje it út”, sa kundige ik oan. “Jûn hawwe wy drankpriuwerij.” En…

Struktuer

“Dat moat dêr stean en dy planke moat dêr hinne…” Geduldich wachtsje ik op de ynstruksjes fan myn oarehelte dy’t de boutekening fan de kleankast – dy’t wy by de grutte blau mei giele Sweedse meubelwinkel kocht hawwe – sekuer bestudearre hat. Yn myn manier fan oanpak is it meastentiids…

Mankeminten

“Ik wit soms net mear hoe’t ik stean of sitte moat”, sa jout ‘pasjint’ oan wannear’t hy yn de gearkomst in gjalp fan pine jout. – “Hast wol Diclofenac?”, sa klinkt in oanwizing fan in oare ‘pasjint’ dy’t ek wol ûnderfining hat. Ut de oare hoeke komt in adreske foar…

Moaie húskes

“Wat in skattich húske!” Under ien fan ús kuiertochten passearre wy in lyts wenningkje dat der yndied wol aardich útsjocht. “Hjir soene wy tegearre wol wenje kinne”, sa giet it froulike fantasy-momint ûnbegrinze fierder. “Dan kinne wy flink opromje, dogge wy alles wat wy net nedich hawwe fuort en dan…