Kreas

“Bist mar kreas yn’e klean…” Nynke stiet fan’e moarn aardich te pronkjen foar de spegel. It is in gewoane wurkdei en meastentiids hat sy dan in spikerbroek oan mei wat passends derby. “Ja, giet it te bot?”, freget se. “Ik haw in kast fol kreaze klean en dy kin ik ek wol wat faker nei it wurk oan hawwe.”

“Sa doch ik it hjoed”, beslút se dan neidat sy it fan alle kanten wat besjoen hat en it steltsje dat se oan hat hielendal liket te passen. “Hast in nije kollega?”, freegje ik in bytsje pleagjend, mar dan skrikt sy leau ik dochs wat fan myn tinkbyld.

Oan’e ein fan’e dei is sy wer thús en fertelle wy inoar efkes letter by de iterstafel oer de dei. “En, wat fûn dyn kollega fan dyn kreaze steltsje?” It is in aardichheid hoe gau as Nynke altyd mar wer op’e kast sit.