Rummikub

“Hasto goed slept?” Mei dit soad fan fragen wurd ik meastentiids moarns wekker. Fan’e moarn gie it krekt wat oars doe’t ik út bêd stapte. “Ik dreamde dat ik mei dy oan it Rummikub’en wie.” Hoe’t de foarke krekt yn’e stiel sit, wurd net krekt dúdlik mar it is wol grappich.

As ik ûnder yn de keamer kom, kin ik it net litte om it spultsje Rubbikub op te sykjen en op’e tafel te setten en op dizze manier dreamen werklikheid litte te wurden hjir yn’e hús. Under it moarnsiten sitte wy der noch gesellich om te laitsjen.

Nei in bakje kofje yn’e middei stiet it spultsje noch stees op’e tafel en wy hawwe it der al efkes oer hân dat it spyljen fan in spultsje miskien wol efkes aardich is. Ek yn’e jûn hawwe wy noch oan it spyljen west. It kin dus wier barre dat dreamen werklikheid wurde.