#40 Gelûdsje

Der koe wol in telefoan oergean, sa tocht ik earst, mar it stees mar werheljende rideltsje bleaun mar trochgean en trochgean. Dan sil it wol in kompjûterspultsje wêze of sa, begûn ik te tinken tidens myn wurksumheden yn de tún. Ik koe net rjocht trasearje wêr’t it wei kaam, want nei hast in heal oere stees mar wer datselde ferfelende rideltsje, krige ik sa skjin myn nocht derfan dat ik op hege poaten nei de feroarsaker gean woe om efkes hiel dúdlik te meitsjen dat it ophâlde moast.

Doe’t hiel dúdlik wie dat it by ús troch de strjitte ryd, bin ik op de fyts sprong efter it gelûd oan. In strjitte fierderop wurde my dúdlik wêr’t it wei kaam: in iiskoboer gong troch de strjitten. Hoe moai waar ek, troch dizze yrritaasje krige ik alderminst nocht oan in iisko, ik hope mar dat it hiel gau begûn te reinen.