Hawwe wy mekoar as Feansters no wier neat te fertellen? Dy fraach bliuwt in bytsje ûnbeäntwurde by my troch de holle spyljen sûnt ik earne yn desimber foarich jier de oprop stean seach om tidens it iepeningswykein fan Leeuwarden-Fryslân Culturele Hoofdstad van Europa (LF2018) op freed 26 jannewaris in ferhalenferteljûn te hâlden.
(Foar de minder Fryske kultuer barbaren
klik hjir foar de Nederlânske edysje)
Hiel Fryslân soe mekoar yn winterwaarme sfear moetsje om persoanlike ferhalen te fertellen en te belústerjen. No, ast it dêr net waarm fan krigest en as dat net wat is dat yn myn strjitsje past… Fuortdaliks tocht ik oan bar ’t Aansteekhuis – wêr’t yn de tiid dat ik dêr wolris efter de tap stie noch wolris in ferteljûn organisearje wurde – wat in perfekte lokaasje wêze soe foar dit evenemint.
Spitigernôch hie de kroech al wat oar op it programma stean en boppedat betochten wy ús dat je fansels ek wat biede moatte as hja wat organisearje. No skriuw ik út en troch sels wolris wat op en hjiroer is fêst wol wat aardichs te fertellen, mar in fol jûnprogramma biede… En sa is myn idee by in plan bleaun wat nea útfierd is.
Ek in de rest fan it Fean fernaam ik mar weinich ynfinitiven op dizze jûn en it ienichste wat ik oant no ta yn ús doarp heard of sjoen haw fan #LF2018 is de liedende klokken de Flambou om kertier oer tsienen op sneontejûn tidens de iepeningsseremoanje en út en troch in bus fan Arriva dy’t yn fleurige kleuren de ferbining mei it kulturele jier oanjout.
Om doch mar wat fan de sfear fan #LF2018 mei te krijen, binne wy dizze wike dan mar efkes nei de haadstêd west. Dêr hawwe wy efkes in besykje brocht oan it keramisch museum, omdat Nynke dêr wat moais sjoen hie. Mar nei dit moaie hienen wy it hjir ik al gau wer besjoen; wierskynlik binne wy dochs minder kultureel dan wy yn de smizen hawwe.
Yn de binnenstêd wacht ús in wêrom wolkom troch allegear flaggen fan #LF2018 wêrtroch wy der seker fan binne dat wy net per ûngelok yn de ferkearde haadstêd belâne binne, mar hjir hâld it ferskil mei in normaal besykje oan Ljouwert dan ek wol op. ‘Do you want to take a picture of me?’, freegje ik gekoanstekkend by it stânbyld fan Anne Vondeling.
Hjirmei kriget ús besykje oan de kulturele haadstêd fan Europa dochs noch wat in ynternasjonaal tintsje, mar dochs ride wy wat teloarsteld werom nei ús eigen doarke om te sjen of it Fean ús dan dochs net stikem wat kultureels te fertellen hat… Neat te fertellen? Miskien moat wy mear ús bêst dwaan om gewoan de ferhalen te meitsjen!