It is koade read, sa hear ik op’e radio as ik fan’ e moarn betiid opstean foar myn kuierke. Der wurdt advisearre om der net út te gean as it net nedich is en ik hear fan snelwegen dy’t ôfsluten binne, de ûngemakken dy’t bart binne en de tiid dy’t hja wierskynlik langer ûnderweis binne.
‘Dat is fier fuort, earst sels mar ris efkes sjen hoe’t it hjir tichteby liket’, sa tink ik wylst ik my oanklaai en nei ûnderen gjin. Dan krij ik fuortdaliks in needmelding en betink my dat it dochs wol serieus wêze kin.
Mei de jas oan en de muts op gean ik de doar út, mar al by de earste stap tink ik dat it net ynoarder is. Oeral is it spegelglêd en ik gean noch skeuveljend oan de strjitte ta, mar dan beslút ik dochs om myn kuierke mar út te stellen: koade read!