Gesellige jûn

“Kom jong, efkes oer froeger prate…” Ik rin mei in gleske bier yn’e hân wat op in feestje rûn. Hy kloppet útnoadigjend op de lege kruk dy’t neist ’m stiet. Ik gean sitten, wy bestelle noch wat te drinken en it duorret net lang of der komt noch ien by stean te praten.

Wy prate wat oer muzyk, der komt noch ien bystean en noch ien… Wy drinke wat, der komt in skaal mei bitterballen del wêr’t wy fansels wat fan ôf pakke en opite. Der wurde filmopnamen fertoant, der wurdt muzyk draait, elkenien fynt der wat fan.

Wy krije in gehakbaltsje, ik stean alwer mei in oar te praten. “Noh”, sa kom ik oan’e ein fan’e jûn noch efkes wer op’e kruk te sitten. “No is de jûn alwer foarby en hawwe wy it net iens oer froeger hân.” – “Nee, mar wy hawwe wol in gesellige jûn hân.”