Ferskes yn’e hichte

“Werom dogge jimme dy ferskes altyd sa leech yn it skerm?” In âld en lyts froutsje út de gemeente komt mei dizze fraach by ien fan de beamergroep. “Der steane faak grutte minsken foar my en dan kin ik it net sjen…”

“As jo dan twa banken nei foaren geane, steane jo wer foar dizze grutte minsken en kin jo it wol wer sjen”, sa is de earste reaksje dy’t sy kriget, mar dat is fansels in gjin oplossing, want oan ien syn fêste plak komme yn’e tsjerke, dat kin net.

Der wurdt har útlein dat it ek te krijen hat mei de minsken thús, dy’t oars de tekst dwers troch it byld krije te sjen. “Thús kin ik it hiel goed sjen”, is har reaksje hjirop. It falt net ta om it elkenien nei de sin te meitsjen, mar der wurdt oan wurke om meardere partijen tefreden te stellen.