
Komplimintsje
“Wat hasto in moai huodsje!” De âldere man dy’t my dit komplemint jout sit op it bankje foar syn wenning op Toutenburg ûntspannen de sinnige Zomerfair te oersjen. Hy hat sels ek in huodsje op. Ik gean neist him sitten en meitsje in praatsje. Hy fertelt my werom as hy…

Priuwerij
Heit wie syn kast oan it opromjen west en derby hie der nochal wat drankflessen fûn, mei ferskillende jiertallen. “Wat moat ik hjir mei?”, sa frege hy him of. Fuortgoaie fûne wy beide net in goed ding. “Wy sykje it út”, sa kundige ik oan. “Jûn hawwe wy drankpriuwerij.” En…

Struktuer
“Dat moat dêr stean en dy planke moat dêr hinne…” Geduldich wachtsje ik op de ynstruksjes fan myn oarehelte dy’t de boutekening fan de kleankast – dy’t wy by de grutte blau mei giele Sweedse meubelwinkel kocht hawwe – sekuer bestudearre hat. Yn myn manier fan oanpak is it meastentiids…
Mankeminten
“Ik wit soms net mear hoe’t ik stean of sitte moat”, sa jout ‘pasjint’ oan wannear’t hy yn de gearkomst in gjalp fan pine jout. – “Hast wol Diclofenac?”, sa klinkt in oanwizing fan in oare ‘pasjint’ dy’t ek wol ûnderfining hat. Ut de oare hoeke komt in adreske foar…
Moaie húskes
“Wat in skattich húske!” Under ien fan ús kuiertochten passearre wy in lyts wenningkje dat der yndied wol aardich útsjocht. “Hjir soene wy tegearre wol wenje kinne”, sa giet it froulike fantasy-momint ûnbegrinze fierder. “Dan kinne wy flink opromje, dogge wy alles wat wy net nedich hawwe fuort en dan…
Skjinne ôfwask
‘De pannen meie sa no en de boarstel wolris flink oer de hûd hawwe, sa hawwe wy leard.’
Reparateur
As ik in pear dagen letter wer by de reparateur bin hear ik dat it him net slagge is.
Yn aksje
“Dochsto ek oan sport?” Ik lis op de massaazjetafel foar myn rêchklachten en om wat te dwaan oan taaie spieren. – “Jaa-aa, ik kuierje in hiele protte”, is myn stoere antwurd. It is efkes stil. “Dat is net echt sport”, sa krij ik foarsichtich te hearren. De masseuze sit mear…
It moaie letter
In jong steltsje rint omearme kuierjend foar ús yn de Ikea. By in keukentsje sjogge wy harren fantasearjend stean, sy sjogge inoar oan en binne it sa te sjen hielendal iens oer hoe’t sy harren hûs yn de takomst ynrjochtsje sille. It is suver in aardichheid om te sjen, ik…
Manlju
“Manlju…!!!” Ik sit mei twa froulju oan’e kofjetafel, sy dogge harren beklach oer oarehelte en ik krij der dus ek aardich fan lâns. “Alle kearen wer lit myn man de ôfwaskboarstel op’e ynduksjeplaat lizze”, sa klaget de oare frou wêrop ik te hearren krij dat der by ús nei it…