Júste wurden
“Is dat jo freondinne?” Deselde man dêr’t ik foarich jier efkes in praatsje mei makke by de Zomerfair op Toutenburg en dy’t my sa’n komplimint joech oer myn Nynke – dy’t hjir wurket – werkent my net. Ik him wol… Beide hawwe wy wer in huodsje op, hy sit no…
Ferwachtings
“Wat hawwe wy der moai waar by net, sa betiid op’e moarn.” Under myn moarnskuier kom ik in doarpsbewenner tsjin dy’t syn twa hûnen útlit. Dy moat fansels efkes oan my snuffelje en dan moat hja efkes in praatsje meitsje. “Dat wie neffens my tsjin de ferwachtingen yn…” “Ik ferwachtsje…
Retoerke
Mei syn trijen binne de froulju nei in konsert yn Rotterdam west. Derachteroan in oernachtinkje foar noch in dei winkelje of op’t fytske oare bysûnderheden besykje. De freondinnen reizgje derhinne mei de trein. Op’e retoerreis hear ik hoe let sy op Hearenfean binne, mar op de ferwachte oankomsttiid krij ik…
De reinwetterbak
“Hielendal fan it gas ôf, alles op elektrysk”, sa krige ik fan de bewenster te hearren doe’t ik okkerdeis in rûnlieding krige troch har nijbouwenning yn’t Fean. Neffens de ûntwikkeler binne de wenningen duorsum, gasleas, foarsjoen fan flierferwaarming, sinnepanielen, elektryske siedfoarsjenning, enerzjysunich en dus hielendal klear foar de takomst. “Mar…
Utflein
Al in moai skoft hawwe wy geniete kinnen fan in nestke fan yn els gefal fiif lytse readboarstjes. Alle dagen wer binne de heit en mem drok dwaande mei de oanfier fan wjirmkes yn it bekje en al gau hawwe wy yn’e smizen wêr’t is nestke sit: yn de houtsteapel…
Probleem
“Ik haw in stroomprobleem…” It is moarns noch betiid as ik by de bakker bin en in telefoantsje krij fan de buorman. “Kinst efkes del komme?” No fansels wol ik dat wol, mar ik moat earst noch efkes myn farske bôle bestell Wapene mei in spanningsiker tôgje ik efkes letter…
Ho!
De fytser dy’t my yn’e mjitte komt is drok dwaande op’e telefoan, sa sjoch ik al yn’e fierte, en dan ek hielendal fokust op it skerm, gean sekonde sjocht hy op het paad foar him. Neffens my is it dochs wol sa feilich om út en troch ris efkes op…
BH
“Wêr is myn bh no?” Hast spierneaken stiet sy foar my yn de sliepkeamer, krekt ûnder de dûs wei. “Ik hie ‘m hjir dochs niiskrekt dellein?!” Sy rint wat hastich sykjend troch de keamer en al gaueftich krij ik de skuld. “Do hast ‘m ferstoppe!”, sa krij ik dan ek…
Wachtkeamer
“Ja, sy witte hjir wol hoe’t se oan sinten komme moatte…” In âldere frou raast hast troch de wachtkeamer nei har man dy’t wierskynlik krekt wat mear flústerjend ea tsjin har sein hat dat it wol lang duorret. “Sy kinne hjir net planne!!”, sa giet se troch. As ik efkes…
Telefoan
Hoe sil ik dit daalks hawwe, sa betink ik my ûnderweis nei it sikehûs as ik der efter kom dat ik de ferkearde telefoan – mei sikefûns- en betelpas – meinaam hawwe? Ik moat hjoed efkes nei de eachdokter en freegje my ôf: hoe kom ik hjir? It probleem fan…