Waskmasine
Mei in piiptoantsje en in koade jout ús waskmasine oan fierdere tsjinsten te wegerjen. It iennichste dat ik betinke kin is om de leveransier mar te skiljen. Dizze monteur stiet de oare dei al foar de doar, dus dat is moai genôch. De masine is noch gjin jier âld, dus…
Stoarmskea
fan los sittende dakpannen fernamen wy neat en sa like de stoarmen wol aardich oer ús hinne te lûken
Paadskyter
Alle moarnen kom ik tidens myn kuierke wol sa’n bytsje deselde minsken tsjin, dy’t op dat stuit ek in rûntsje dogge. De measten kin ik dan ek wol en mei in soad meitsje ik ek wolris in praatsje. Sommige fan harren hawwe in hûn en ek dy kin ik faaks…
Paraplu
‘Ferhip, wêr is myn paraplu’, tocht ik fan ‘e moarn doe’t ik op de fyts stappe soe yn’e rein; in pear reindripkes kin ik wol haw, mar sûnder paraplu fyn ik der neat oan. Gelokkich hawwe wy noch wol in pear mear fan dy dingen yn de garaazje stean, mar…
Filmkes
“Ik wol dizze acht milimeter films ynleverje om te digitalisearjen.” It famke efter de kassa seach my mei grutte eagen oan doe’t ik in taske mei filmspoelen foar har del lei. “Wat woene jo??” Ik werhelle myn fersyk, mar omdat sy noch gjin flau idee hie wêr’t it oer gong,…
Eigenwiis
Wat binne minsken somtiden dochs ek ûnnoazele halzen. Okkerdeis seach ik dat in autobestjoerder de ôfslach naam wêr’t dúdlik oanjûn stie dat dizze wei troch wurk oan de wei ôfsluten wie. ‘Dy moat fêst earne wêze’, sa tocht ik noch, mar in pear tellen letter seach ik de auto werom…
Lûd fan muzyk
Trije froulju sieten der dizze sneontejûn by ús yn’e keamer, allegearre hearlik ûntspannen mei in tekkentsje oer de knibbels te genietsjen fan ‘the Sound of Music’. Ik fersoarge de catering en sette kreas op’e tiid in bakje tee en in buorrel foar harren op’e tafel. In bin net sa’n leafhawwer…
BMW
Der wie ik fan’e moarn hast BMW-rider west. Tidens myn deistich kuierke seach ik de sjauffeur fan in dikke BMW syn auto parkearjen oan’e kant fan’e wei en sûnder efteromsjen liet hy syn auto ronkjend stean wylst hy in winkel yn gong. Efkes haw ik it yn my om gean…
Yn’e blabber
nim ik in wat gruttere stap
‘Black Friday’ by de grienteboer
Altyd haw ik tocht dat ik foar de oanbiedings fan Black Friday, mei in grutte tas yn de lange rige stean moast yn de grutte stêd. De hege koartings wêrmei de klanten de dei nei ‘thanksgiving’ nei de winkel lokt wurde mei grutte koartings, liet ik dan ek moai oan…