Hastich

Myn kuierke hie ik krekt hân doe’t it alwer wat begûn te reinen. Op myn kantoar hie ik mysels in lekker bakje kofje ynskonken en siet no te sjen wat de aginda hjoed allegearre foar my op it programma hie. Ferhip, om healwei tsienen in gearkomst yn De Bining, sa…

Tiidfergriemen

Wêr binne dochs dy goeie âlde gearkomsten fan eartiids bleaun wêr’t de saken mei in goeie foarsitter dúdlik besprutsen wurden en der dan spikers mei koppen slein wurden. Boppedat wurden der ôfspraken makke dy’t kreas yn’e notulen kamen. Tsjintwurdich wurdt der yn in gearkomst oer fan alles en noch wat…

H&W

Oardel dei wiene sy der mei dwaande west, buorman H. en buorman W. fûnen dan ek dat sy wol in bierke fertsjinne hiene. De skutting stie der mar wat kreas by, sa koene sy wol wer in oantal jierren foarút. In dei letter kaam der in mantsje om noch wat…

Beppe’s enkête

“Dizze froulju wolle graach in enkête dwaan, soene jo dêr wol oan mei wurkje wolle?” Beppe kin ús heit wol en leit krekt út wat har bernsbern mei twa freondinnen wol en fansels wol myn heit – wêr’t ik efkes thús bin – hjiroan wol meidwaan. “En do wolst fêst…

Ferkeard ferbûn

Triii-iiing! It tiidstip fan dit telefoantsje docht my sa’n bytsje betinken wa’t der skilje kin en derom nim ik hiel entousiast op. “Mei Dick!” It bliuwt in skoftke stil oan’e oare kant. “Mei waaaa???!!!” Ik hear in âldere frou en neam in bytsje rêstiger myn namme. Opnij is it efkes…

Personielstekoart

“Hawwe jimme ek stoomcleaners?”, Yn de boumerk freegje ik dit oan de jongeman dy’t op dizze ôfdieling wurket. – “Uuh nee, die hebben we op het moment niet”, antwurdet hy, lykas de lêste krektlyn ferkocht is en der moarntemoarn wer in pallet fol yn de winkel stiet. Dan binne wy…

Fytsmakker

“En… kin ik myn fyts oan’e ein fan de moarn wer ophelje?” De klant hat krekt ferteld wat der sa’n bytsje oan syn fyts mankearret en de fytsmakker hat notysjes makke. “No, dat kin ik net mei wissichheid sizze”, is syn antwurd. “It is drok en wy binne op ‘t…

Kassawurk

De frou fan in jier as santich stiet mar wat súntsjes om har hinne te sjen as de kassa mei mar ien klant yn’e rige slút en sy oanslute moat yn in rige fan sân. “Dat is ek net klantfreonlik”, foeteret se tsjin gjinien yn it bysûnder. Sy is der…

Bier en bitterballen

Wylst de profs ús foarby fleane op De Kolk, steane wy efkes te sjen nei it plak wêr’t ik aardich wat jierren wenne ha. De balkontsjes lykje aardich minder yntinsyf brûkt te wurden dan yn de tiid dat wy der wennen mei de profronde. Fan lofts nei rjochts wie it…

Yntimidearje (2)

“Dy mynhear mei dat huodsje, dy wurdt net âld!” Ik kuierje by it tsjerkhôf it fytspaad op en sjoch yn’e fierte in groepke skoaljeugd wêrút ien jonge it blykber op my fersjoen hat. Dat stoere gerop en geraas fan tsjintwurdich, dêr skrikt ik net sa fan, dat ik kuierje gewoan…