“Moatst ris yn’e spegel sjen, op dyn kont…” It is noch aardich betiid yn’e moarn, ik kom krekt fan bêd. No ferwachtsje ik in tsjokke ûntstekking of pjukkel te sjen, mar ik sjoch in rûne ploai fan sa’n twa sintimeter wêr’t ik fuortdaliks myn fraachtekens by haw.
Op de ferklearring hoech ik net lang te wachtsjen. “En moatst no ris op dyn bêd sjen.” Hielendal midden yn myn noch iepen lizzende bêd sjoch ik myn trouring lizzen en wit direkt de ferklearring wol foar wat ynearsten in riedsel wie.
Juster haw ik foar ik fervjen myn ring efkes op it nachtkastke lein. Doe’t it bêd ferskjinne wie, lei ik de ring alfêst op it kessen, mar wierskynlik bin ik dy net wer tsjinkaam doe’t ik justerjûn it bêd yn stapte. Dêrtroch haw ik wierskynlik de hiele nacht op myn ring lein te sliepen. Ik ha hoe dan ek hearlik slept.