Retoerke

Mei syn trijen binne de froulju nei in konsert yn Rotterdam west. Derachteroan in oernachtinkje foar noch in dei winkelje of op’t fytske oare bysûnderheden besykje. De freondinnen reizgje derhinne mei de trein.

Op’e retoerreis hear ik hoe let sy op Hearenfean binne, mar op de ferwachte oankomsttiid krij ik in ferbjustere berjocht: sy binne ‘ferjitten’ om út te stappen en moatte no troch nei stasjon Ljouwert. Hjir hawwe de froulju in minút om oer te stappen yn de trein werom.

Ik haw no wol in idee hoe gesellich it is mei syn trijen, mar ik hear letter dat it no noch geselliger wurdt. “Wy hawwe it lêste stikje fan de reis oars net dien as laitsjen.” Efkes foar de ferwachte oankomsttiid yn Hearrenfean stjoer ik foar de wissichheid in berjochtsje: ‘stasjon Hearrenfean útstappe!!!’ De kondukteur swaait fleurich de joalich laitsjende froulju nei as de trein dan wer fierder rydt.