“Der rinne wy dan, samar op’e Veluwe Dick…” Wy binne mei dit prachtige waar ûnderweis nei in jierdeifeestje in oerke earder fan hûs gong om noch efkes in kuierke te meitsjen yn it bosk. “As myn ljochte broek no mar net smoarich wurdt…”
“Ah ju, dat falt wol in slach ta, it is droech”, reagearje ik. Noch gean tsien minuten letter leit se plat op’e bek op it kuierpaad tusken de blêden, stroffele oer in beamstronk of in tokke. In pear tellen bliuwt sy lizzen, dan help ik har oerein.
It docht allegearre sear, mar de modderplakken yn’e ljochte broek blike dochs it grutste probleem. ‘Hoe moatte wy dit no hawwe’, en ‘hoe kin ik no sa dom’ binne de foeterwurden dy’t ik hear. In heal oerke letter sitte wy oan’e kofje, it ferhaal is dien, elkenien begrypt de smoarige broek en net ien makket har drok om de modderplakken.