Nynke wie nei de bingo en ik hie wol nocht oan in lekker rêstich jûntsje. Healwei de jûn noch efkes in slachje om, ik helle by heit alfêst in buorrel en dan is it ynienen ôfrûn mei de rêst: mei allegearre toeters en bellen krij ik berjochtsjes mei filmkes dat Nynke de haadpriis wûn hat yn’e earste rûn.
Twa oernachtingen yn Europa, sa sjoch ik har mei in grutte koffer fan it poadium kommen. Op wei nei hûs fantasearje ik al oer lannen as Italië, Sweden en Tsjechië. In oere letter is it wer allegearre bombaarje as sy alwer in haadpriis hat, in moai jildbedrachje.
Wy gjin op wrâldreis, sa fantasearje ik no al en ik ha myn Polarsteps-reis al hast oanmakke. Werom yn’e hjoeddeiske wrâld docht bliken dat it wol mear in reiske Appelskea wurde sil, mar hoe dan ek, it wie in moaie jûn mei in moai priiske.