Reaksje

In man komt op strjitte by my. “Ik haw heart dat dyn mem siik is, hoe is’t mei har?” Sûnder it antwurd ȏf te wachtsjen wol der noch wat witte: “soe se wier net wer better kinne? Hja heare ommers wolris fan ‘second opinion’, dan geane se nei Amsterdam…” By ús mem is in oantal wiken lyn in hiel agressive tumor ûntdekt mei útsaai nei lever en longen; sy wurdt net wer better en mem fielt dit ek wol. 

Efkes freegje ik my ȏf as de man it serieus bedoelt, as der gjin grapke makket. Mar nee, hy giet fierder: “hja heare wolris, dan wurde sy wer better.” Eins bin ik fan plan om hiel hurd troch te fytsen, net te antwurdzjen op sokke ûnnoazele reaksjes, mar ik hâld myn fatsoen. “Nee, sy kin net wer better”, lis ik út. Hoe ’t it mei mem giet, wit hy noch net…

Category: 150