Praatsje

“Meie wy hjir net mear mei inoar prate mem?!”, flústere sy wylst sy wat angstich om har hinne seach. It famke fan fjouwer jier wie al in pear wike thús fan skoalle en wist wol in lyts bytsje dat der yn de wrâld wat spile dat hiel grut wie en der net sa bêst út seach, mar dit hie sy noch net earder meimakke: yn de supermerk dêr’t sy mei mem om boadskippen wie hearske hast in deadske stimming, de minsken sizze amper wat tsjin inoar en mei de winkelkarren skoden de klanten mei grutte bôgen om mekoar hinne.

Yn it doarp is ek net folle drokte mear en it deistich libben liket sa goed as stil te lizzen. Hooplik meie wy al sa lang as mooglik mei inoar praten bliuwen, al dan net op ôfstân. Want in praatsje, dat hat ek famke fan fjouwer al dagen wol nedich dochs!